Kerwin - the Poem   FRISIAN   FRYSKE

 

English

Dutch

Turkish

Arabic

Papiamento

Sranan

Bahasa-Indonesia

Frisian

French

Flemish

German

Italian

Sicilian

Danish

Swedish

Norwegian

Finnish

Faroese

Kiswahili

Mandinka

Somali

Zulu

Afrikaans

Czech

Serbian / Croatian

Hungarian

Russian

Esperanto

Romanian

Bengali

Urdu

Malayalam

Divehi

Kannada

 

                                         KERWIN
Wylst guon op dy jeie sille
om de rest fan jimme �t te moardzjen
sille guon oaren festivals h�lde
om te striden tsjin
of der better fan te wurden
 
En al meitsje se fan dy
                   it earste slachtoffer dat foel
troch ieuwen�ld nederl�nsk racisme
in leagen dy't wy twaresom trochsjogge
 
En sels as dit de wierheid wie
soe it foar jimme eat opsmite?
it rinkeljen fan de g�ne
bliuwt it ratteljen fan de keatlings
 
Keatlings br�kt om swarten te binen
en ek guon blanken as slaaf
nuver, de wegen dy't se betinke
om immen de wet te stellen
oer syn h�lden en dragen
 
God wit de list is lang
der bliuwt gjin romte oer
foar de nammen fan harren dy't se kwea diene
de �nbekinden dy't se k�ld makken
 
Ooooh Europa - dyn str�p - dyn str�p
b�n om de nekke fan myn folk
nei alles datsto naamst en diest:
It bliuwe iepen w�nen
 
Ja !!! se komme en w�rom net
om harrenstellendiamanten te sjen
bylkjend oan dyn swurk
Foar �s - earm folk fan in d�nkerder ras
wie it jimmer in plak om hinne te gean
om te stjerren
 
KERWIN:  De earste swarte dy't
omr�n hat op amerikaanske gr�n
wie as in slaaf, keapmansguod
brocht fan in holl�nsk oarlochsskip
 
Kerwin: wat dyn gefal oars makket
as guon oare dy't likegoed stoaren
troch racisme: it kin net �ntkend wurde
 
In bloedplak op in taksybank
woech swierder as dyn libben
d�rom moasto d�r lizze op de strjitte
doe't men dy delstutsen hie
 
As hja beslute dat ien fan �s stjerre moat
dan moatte wy �s �ffreegje
wylst it bloed nog wiet is
wa is de folgjende?
 
Tink oan de freonen dy't dy nei binne
der net sa �tsjogge as dy
mar dy net behannelje as sa folle oaren
 
In freon is in freon is in freon
is net de kleur fan de h�d
mar de wize fan w�zen.
Ien ding: haat jout gjin b�n
it b�st wit dat de racist
 
De skiedenis leart �s dat racisme
mear kwea brocht hat as hokker sykte ek
in minske libbet en giet dea: fanselssprekkend
mar dat is it net as de inkelde reden is
dat men swart is
 
Kerwin, do wiest net de earste,
mar datsto de l�ste bist, dat wolle wy:
in ein meitsje oan faksisme
en r�d, want de tiid dringt
 
                   KERWIN
Nimmen leaut it - ek Kerwin die dat net -
hie hy noch libbe - hy soe it net leauwe -
racisme - faksisme - adolf hitlerisme
of sljochtwei snobisme, oeral yn dit l�n
nimmen hast wol echt leauwe dat der
soksawat as racisme bestiet
it is altiid wat oars: it is net om dyn kleur
sizze se, mar sa asty h�ldst
wa wit wat hja der foar betinke sille
om leauwe te litten dat racisme net bestiet
sels as in swarte stjerrend op de strjitte leit
wol nimmen it leauwe
tichte eagen ommers sjogge neat
it wie in misferst�n op gr�n fan ras:
in oannimlike �ntskulding
hoe wier it ek is, nimmen wold it leauwe
Kerwin die it net, w�rom soesto it dan leauwe
mar hoe hie hy it ek kind?
Men woe dochs ek net leauwe dat de Vietnamezen
yn frede libje woene
men wol net leauwe dat swarten frij w�ze moatte
nei 400 jier ellinde
men leaut net dat wy ek
it rjocht hawwe ta sykheljen
nimmen leaut dat racisme bestiet
dat minsken minsken binne
mei rjocht op lok en frijdom
nimmen leaut dat dat de wei is
dat it sa w�ze moat
nimmen leaut dat it te dwaan is
om't men net leauwe wol
men wol sels net leauwe
wat mei eigen eagen te sjen falt:
�nrjochtfeardigens - fergriemerij -
�nminsklikens - hja leauwe it sljochtwei net
hja leauwe it sljochtwei net
de ferskrikking is sa normaal
sa, sa, sa, sm�k suver
dat de deistige ferskrikking gewoan f�n wurdt
deagewoan - ek al kostet it bloed
 
 
Frisian translation by Hessel van der Wal
 
   
Listen
 
Learn
  about the Frisian language
 
 
nothing  is more important than stopping fascism because fascism will stop us all