| English
Dutch
Turkish
Arabic
Papiamento
Sranan
Bahasa-Indonesia
Frisian
French
Flemish
German
Italian
Sicilian
Danish
Swedish
Norwegian
Finnish
Faroese
Kiswahili
Mandinka
Somali
Zulu
Afrikaans
Czech
Serbian / Croatian
Hungarian
Russian
Esperanto
Romanian
Bengali
Urdu
Malayalam
Divehi
Kannada
|
-
KERWIN
- Wylst guon op dy jeie sille
- om de rest fan jimme �t te
moardzjen
- sille guon oaren festivals h�lde
- om te striden tsjin
- of der better fan te wurden
-
- En al meitsje se fan dy
-
it earste slachtoffer dat foel
- troch ieuwen�ld nederl�nsk racisme
- in leagen dy't wy twaresom
trochsjogge
-
- En sels as dit de wierheid wie
- soe it foar jimme eat opsmite?
- it rinkeljen fan de g�ne
- bliuwt it ratteljen fan de keatlings
-
- Keatlings br�kt om swarten te binen
- en ek guon blanken as slaaf
- nuver, de wegen dy't se betinke
- om immen de wet te stellen
- oer syn h�lden en dragen
-
- God wit de list is lang
- der bliuwt gjin romte oer
- foar de nammen fan harren dy't se
kwea diene
- de �nbekinden dy't se k�ld makken
-
- Ooooh Europa - dyn str�p - dyn str�p
- b�n om de nekke fan myn folk
- nei alles datsto naamst en diest:
- It bliuwe iepen w�nen
-
- Ja !!! se komme en w�rom net
- om harrenstellendiamanten te sjen
- bylkjend oan dyn swurk
- Foar �s - earm folk fan in d�nkerder
ras
- wie it jimmer in plak om hinne te
gean
- om te stjerren
-
- KERWIN: De earste
swarte dy't
- omr�n hat op amerikaanske gr�n
- wie as in slaaf, keapmansguod
- brocht fan in holl�nsk oarlochsskip
-
- Kerwin: wat dyn gefal oars makket
- as guon oare dy't likegoed stoaren
- troch racisme: it kin net �ntkend
wurde
-
- In bloedplak op in taksybank
- woech swierder as dyn libben
- d�rom moasto d�r lizze op de
strjitte
- doe't men dy delstutsen hie
-
- As hja beslute dat ien fan �s
stjerre moat
- dan moatte wy �s �ffreegje
- wylst it bloed nog wiet is
- wa is de folgjende?
-
- Tink oan de freonen dy't dy nei
binne
- der net sa �tsjogge as dy
- mar dy net behannelje as sa folle
oaren
-
-
- In freon is in freon is in freon
- is net de kleur fan de h�d
- mar de wize fan w�zen.
- Ien ding: haat jout gjin b�n
- it b�st wit dat de racist
-
- De skiedenis leart �s dat racisme
- mear kwea brocht hat as hokker sykte
ek
- in minske libbet en giet dea:
fanselssprekkend
- mar dat is it net as de inkelde
reden is
- dat men swart is
-
- Kerwin, do wiest net de earste,
- mar datsto de l�ste bist, dat wolle
wy:
- in ein meitsje oan faksisme
- en r�d, want de tiid dringt
-
-
KERWIN
- Nimmen leaut it - ek Kerwin die dat
net -
- hie hy noch libbe - hy soe it net
leauwe -
- racisme - faksisme - adolf
hitlerisme
- of sljochtwei snobisme, oeral yn dit
l�n
- nimmen hast wol echt leauwe dat der
- soksawat as racisme bestiet
- it is altiid wat oars: it is net om
dyn kleur
- sizze se, mar sa asty h�ldst
- wa wit wat hja der foar betinke
sille
- om leauwe te litten dat racisme net
bestiet
- sels as in swarte stjerrend op de
strjitte leit
- wol nimmen it leauwe
- tichte eagen ommers sjogge neat
- it wie in misferst�n op gr�n fan
ras:
- in oannimlike �ntskulding
- hoe wier it ek is, nimmen wold it
leauwe
- Kerwin die it net, w�rom soesto it
dan leauwe
- mar hoe hie hy it ek kind?
- Men woe dochs ek net leauwe dat de
Vietnamezen
- yn frede libje woene
- men wol net leauwe dat swarten frij
w�ze moatte
- nei 400 jier ellinde
- men leaut net dat wy ek
- it rjocht hawwe ta sykheljen
- nimmen leaut dat racisme bestiet
- dat minsken minsken binne
- mei rjocht op lok en frijdom
- nimmen leaut dat dat de wei is
- dat it sa w�ze moat
- nimmen leaut dat it te dwaan is
- om't men net leauwe wol
- men wol sels net leauwe
- wat mei eigen eagen te sjen falt:
- �nrjochtfeardigens - fergriemerij -
- �nminsklikens - hja leauwe it
sljochtwei net
- hja leauwe it sljochtwei net
- de ferskrikking is sa normaal
- sa, sa, sa, sm�k suver
- dat de deistige ferskrikking gewoan
f�n wurdt
- deagewoan - ek al kostet it bloed
-
-
- Frisian
translation by Hessel van der Wal
-
-
-
-
|
- Listen
-
- Learn
- about the
Frisian language
-
-
|